Krystfeest foar de bern - Twadde Krystdei....

Categorie: Nieuws Laatst bijgewerkt: zondag 31 januari 2016 Gepubliceerd: zondag 06 december 2015 Geschreven door Harm Tolsma

Beste jongens en famkes,

It is hast sa fier, Kryst komt der oan en it bernekrystfeest slaan wy ek dit jier natuerlik net oer. Jimme binne fan herte wolkom op twadde Krystdei om 10.00 oere yn "Rehoboth".

Rehoboth feroarje wy yn in bioscoop. Dus nim jim bruorkes / suskes / heit / mem / pake / beppe / wa dan ek mar, mei. Wy litte in animaasjefilm sjen oer it Krystferhaal, mar net yn tradisjonele foarm.

Mear wolle wy no net ferklappe, do moatst it mar gewoan foar dysels sjen.

 

Graach oant sneon, twadde Krystdei om 10.00 oere, op 26 desimber .......

                                                                                     

Lieding fan 'e berneneventsjinst

 



Hits: 4101